Fierljepfreonen

We ha in geweldige opkomst by de jeugdtrainingen. De trainers kinne it hast net oan mar lokkich binne der tsjintwurdich assistint trainers; ljeppers dy’t nocht ha om dizze moaie sport oer te bringen op oaren. As de bern de technyk ûnder de knibbel ha dan meie se meidwaan oan de jeugdwedstriden. Elke sneon nei in...
lees meer >

WEDSTRIDEN WINSUM

Wy ha in prachtige start makke; noch nea hiene we safolle jeugdleden en wedstrydljeppers. En der wurde alwer wedstriden wûn en PR’s sprongen! Sjoch op ús FB foar it lêste nijs. We binne ek bliid dat we wer in moaie rige wedstriden yn Winsum organisearje meie. Graach oant sjen op it fierljepterrein! Sjoch hjir foar...
lees meer >

WISSE EN MINNE WINNE

It ferneamen wurdich: Minne Smit sprong op 28 maaie yn Burgum in nij PR én hy wûn hjirmei als alderearste ljepper fan Fierljep Feriening Winsum in Topklasse wedstryd by de senioaren. We binne grutsk op dizze Winsumer ljepper! En by de junioaren gie Wisse Broekstra mei de Eelke Scherjon Memorial priis, de brûnzen snor, nei...
lees meer >

FIERLJEPCLINICS

Njonken de clinics dy’t wy jouwe oan freonegroepen, frijgesellefeestjes en oare groepen, komme der de kommende wiken ek sa’n 40 groepen mei skoalbern del om yn de kunde te kommen mei ús moaie sport.  De primeur fan 2022 wie foar De Reinbôge út Eksmoarre.

JEUGDDEI 2022

De tradysje is wer oppakt; de jeugd start it wedstriidseizoen mei in sportive dei by Sportstad Heerenveen. Sa kinne de jeugdljeppers wer eefkes oan elkoar wenne en nije ljeppers kennen leare foardat se tsjin inoar stride yn de wedstriden. En sis no sels; “Wa soe der net bliid wurde fan in oerke yn de turnhal?

AKSJE, AKSJE, AKSJE!

Omdat we hiel graach in moai clubgebouw op ús terrein hawwe wolle, binne we drok oan it sparjen. Wy dogge oan meardere aksjes mei. Mei de opbringst fan de Jeugdsponsoractie fan de Poiesz, de Walrus clubaksje en in âld izer aksje binne we wer in stapke tichterby

BYSÛNDERE TRAINING

De gruttere ljeppers fan Winsum hawwe yn april in bysûndere training hân. Se ha kracht- en mentale training by de 10-fâldich Nederlands kampioen Highland Games, Pieter Karst Bouma út Winsum krigen . Dit wie in grut sukses.

STARTKLEAR

Kneiterhurd is der wurke om it fierljepterrein te ferbetterjen en ree te meitsje foar in nij seizoen. We binne hjirby fansels tige wiis mei ús trouwe terreinploech en mei de help fan leden en âlders.