Jeugd NFM 2022

Der die wer in oantal fan ús jeugdljeppers mei oan it Jeugd NFM. Dizze kear wie it tema: Halloween. Wat in monsterachtige dei ha se hân. Skitterend waar en in hiel soad wille. Mei dank oan de geweldige organisaasje! En we giene nei hûs mei ús mearfâldich NFM kampioen by de jonges 11-12: Jorrit Bouwstra. En ek Hieke stie op it poadium; sy waard 2e by de fammen 11-12.