Frysk Kampioenskip foar de jeugd

Sietze, Johannes, Jurjen, Brecht, Jorrit, Hieke en Hylke hiene harren hjirfoar pleatst. Al in hele prestaasje en in ear om mei te dwaan! By de fammen 11-12 naam Hieke it brûns mei nei hûs mei in ôfstân fan 9.95 meter. By de jonges fan 11 en 12  jr.  wûn Hylke sulver mei in nij PR fan 11.15 m. en Jorrit waard Frysk kampioen mei 11.49 meter. Dit wie tagelyk in skânsrekord!!! Wat in prachtige dei.  En de jûns seagen wy Hieke werom yn it jeugdjournaal wêryn’t sy perfekt útlei wat fierljeppen is.