KLUBKAMPIOENSKIP
Sneon 25 septimber hiene wy ús klubkampioenskippen. Hjirby gie it net om de fierste ôfstan mar om wa’t it tichste by, of fierste oer, syn as har PR komme koe.
De klubkampioenen fan 2021:
Famkes o/m 10: Brecht v.d. Weij
Jonges o/m 10: Age Okkema
Famkes 11-12: Jasmijn Boschma
Jonges 11-12: Ate Kaastra
Fammen o/m 16: Geartsje Algra
Dames fanôf 16: Rianne Heeringa
Jonges o/m 16: Jorrit Bouwstra
Heren fanôf 16: Wiebren Schukken
De Nederlânske en Fryske kampioenen fan 2020 en 2021 waarden huldige mei in grut applaus en in pakket mei lekkers. De Ljeppie de Ljip Bokaal 2021 (priis foar immen dy’t wat ekstra’s fertsjinnet) is dit jier foar Sytze Hilbrand Boschma. Hy hat sich bysûnder ynspand by de realisaasje fan ús jeugdskânsen. Ek wie der in presintsje foar trainers Wim, Jildou, Thijs en Rymke, as bedankje foar harren ynset by de trainingen en wedstriden. Thijs waard troch de jeugdleden noch ferrast mei in prachtige klubtas mei syn namme derop. As fanâlds waard der ôfslúten mei in super gesellige bbq. Mei troch it enthousiasme, de oanwêzigens en help by de trainingen en wedstriden troch leden, âlders en oare frijwilligers ha wy in prachtig moai fierljepseizoen hân!