PTH haadsponsor fan it FK Fierljeppen
Al jierren fersoarget PTH Rental by it FK de audio. De lêste jierren leveren se dêr ek in grut LED skerm by wêr’t elts de springende ljepper yn detail op folgje kin.
Der is gjin FK sûnder ferienings mei leden, trainers, coaches en frywilligers dy’t alle wiken hurd wurkje om har ljeppers rjochting dat FK te krijen. Dêrom stipet PTH Rental it ljeppen yn Bûtenpost, it Frysk Ljeppers Boun en is hja no offisjeel haadsponsor fan it FK Fierljeppen.