NLdoet en âld izer aksje

Op sneon 29 maaie diene wy mei oan NLdoet, de lanlike frijwilligersaksje fan Het Oranje Fonds. Mei in grutte groep frijwilligers, jong en âld, waarden allerhande klussen oanpakt om ús akkommodaasje noch moaier te meitsjen. De âld izer aksje, op deselde dei as NLdoet, brocht in kontainer (sponsore troch Robben Metaalrecycling Sneek) fol âld izer op. De prachtige opbringst: € 525,00 is foar de feriening. Oan elts dy’t meiholpen hat en/as âld izer ynlevere hat: tankewol!