Leo Diks nimt ôfskied as TC’er

Sûnt begjin jierren ‘80 is Leo al aktyf by it fierljeppen, rom 25 jier. Feite Bakker hat him doe frege om te helpen om’t der ferlet fan frywilligers wie. Hy hat altyd yn it sânbêd stien om te mjitten en te harkjen en altyd by de A-skâns. Doe’t hy yn 2006 lijen mei de sûnens krige, it hert woe net mear lykas earder, waard dit te swier. Dochter Thirza naam it stokje tidelik oer sadat Leo ta rêst komme koe. Ek doe wie Leo noch faak op it ljeppersplak te finen en doe’t hy hearde dat der yn de TC immen nedich wie, stie hy fuort klear om by te springen.
Fan 2007 oant 2016 hat hy him foar de TC ynset. Hy hat op in protte ljeppersplakken west, sawol yn Hollân as Fryslân en hat alle wedstriden wol ris lieden.

No is opnij de sûnens reden om in punt efter syn karriêre as TC-lid te setten. Mar de wille oan it ljeppen bliuwt en jim sille him grif noch op de wedstriden treffe; yn hiel Fryslân en fansels ek yn Winsum, wer as frywilliger.