JEUGDDEI 2022

De tradysje is wer oppakt; de jeugd start it wedstriidseizoen mei in sportive dei by Sportstad Heerenveen. Sa kinne de jeugdljeppers wer eefkes oan elkoar wenne en nije ljeppers kennen leare foardat se tsjin inoar stride yn de wedstriden. En sis no sels; “Wa soe der net bliid wurde fan in oerke yn de turnhal?

AKSJE, AKSJE, AKSJE!

Omdat we hiel graach in moai clubgebouw op ús terrein hawwe wolle, binne we drok oan it sparjen. Wy dogge oan meardere aksjes mei. Mei de opbringst fan de Jeugdsponsoractie fan de Poiesz, de Walrus clubaksje en in âld izer aksje binne we wer in stapke tichterby

BYSÛNDERE TRAINING

De gruttere ljeppers fan Winsum hawwe yn april in bysûndere training hân. Se ha kracht- en mentale training by de 10-fâldich Nederlands kampioen Highland Games, Pieter Karst Bouma út Winsum krigen . Dit wie in grut sukses.

STARTKLEAR

Kneiterhurd is der wurke om it fierljepterrein te ferbetterjen en ree te meitsje foar in nij seizoen. We binne hjirby fansels tige wiis mei ús trouwe terreinploech en mei de help fan leden en âlders.

KLUBKAMPIOENSKIP

Sneon 25 septimber hiene wy ús klubkampioenskippen. Hjirby gie it net om de fierste ôfstan mar om wa’t it tichste by, of fierste oer, syn as har PR komme koe. De klubkampioenen fan 2021: Famkes o/m 10: Brecht v.d. Weij Jonges o/m 10: Age Okkema Famkes 11-12: Jasmijn Boschma Jonges 11-12: Ate Kaastra Fammen o/m...
Mear lêze

NK FIERLJEPPEN

De Winsumer ljeppers Hilde, Germ, Minne en Wisse stiene op 24 septimber oan de start fan dit jierlikse toernooi, dizze kear yn Burgum. Se namen it  hjir op tsjin de oare toppers fan Fryslân en Hollân. Fan de fiif klassen ha de Friezen der twa wûn. Marrit van der Wal by de froulju en Hanneke...
Mear lêze

FK Winsum 2021

Dé FRYSKE KAMPIOENEN 2021 – Rutger Haanstra (junioaren), Marrit v/d Wal (froulju), Nard Brandsma (senioaren), Germ Terpstra (jonges), en Inger Haanstra (famkes). It koe net better sneon; skitterend waar, in prachtiche wedstriid en in machtich moai feest. Kampioenen, fan herte lokwinske!!! En fansels binne wy extra grutsk op ús eigen kampioen Germ Terpstra!

JEUGD NK

Op 28 augustus wie it Jeugd NK Fierjeppen yn Kockengen. Coaches Thijs en Marije giene dêrhinne mei 4 pleatste bern fan Fierljep Feriening Winsum en kamen werom mei 2 Nederlânske kampioenen! By de jonges o/m 10 jier waard Hylke Brouwer kampioen mei in nij PR fan 10.01 m. By de jonges 11/12 waard Jorrit Bouwstra...
Mear lêze

JEUGD FK

Prachtige resultaten op it FK fierljeppen foar de jeugd yn Drylts: Hylke Brouwer sprong in nij PR fan 8,26 meter, in 2e plak by de jonges o/m 10 jier. Hieke Vogel sprong in nij PR fan 8,81 m, in 4e plak by de famkes 11-12 jier. Thijs van der Wolf sprong 7,43 m, in 10e...
Mear lêze

NFM

Wy hawwe in prachtige NFM meimakke! Noch nea stienen der safolle Winsumers ljeppers yn de finale. Der wie in twadde plak foar Wisse Broekstra by de junioaren en Germ Terpstra wûn de striid by de jonges; in topdei!