Frysk Kampioenskip foar de jeugd

Sietze, Johannes, Jurjen, Brecht, Jorrit, Hieke en Hylke hiene harren hjirfoar pleatst. Al in hele prestaasje en in ear om mei te dwaan! By de fammen 11-12 naam Hieke it brûns mei nei hûs mei in ôfstân fan 9.95 meter. By de jonges fan 11 en 12  jr.  wûn Hylke sulver mei in nij PR...
Mear lêze

Fantastysk NFM 2022

Grutsk binne wy op ús ljeppers: Germ Terpstra dy’t mei in PR fan 19.38 2e waard by de junioaren, Sanne Bouwstra, sy waard 3e by de fammen, Femke Brouwer: 3e by de dames mei in PR fan 15.56 en fansels op Berber de Vries, NFM kampioene by de fammen mei in PR fan 15.16 meter!!!

Jeugd NFM 2022

Der die wer in oantal fan ús jeugdljeppers mei oan it Jeugd NFM. Dizze kear wie it tema: Halloween. Wat in monsterachtige dei ha se hân. Skitterend waar en in hiel soad wille. Mei dank oan de geweldige organisaasje! En we giene nei hûs mei ús mearfâldich NFM kampioen by de jonges 11-12: Jorrit Bouwstra....
Mear lêze

Bedriuwsljeptoernoai

Wat wer in superleuke nije erfaring; it bedriuwsljeptoernoai fan De Wulf. Sa’n 20 dielnimmers folgen in clinic en sletten ôf mei in wedstriid oer de jeugdskânsen.

Fierljepfreonen

We ha in geweldige opkomst by de jeugdtrainingen. De trainers kinne it hast net oan mar lokkich binne der tsjintwurdich assistint trainers; ljeppers dy’t nocht ha om dizze moaie sport oer te bringen op oaren. As de bern de technyk ûnder de knibbel ha dan meie se meidwaan oan de jeugdwedstriden. Elke sneon nei in...
Mear lêze

WEDSTRIDEN WINSUM

Wy ha in prachtige start makke; noch nea hiene we safolle jeugdleden en wedstrydljeppers. En der wurde alwer wedstriden wûn en PR’s sprongen! Sjoch op ús FB foar it lêste nijs. We binne ek bliid dat we wer in moaie rige wedstriden yn Winsum organisearje meie. Graach oant sjen op it fierljepterrein! Sjoch hjir foar...
Mear lêze

WISSE EN MINNE WINNE

It ferneamen wurdich: Minne Smit sprong op 28 maaie yn Burgum in nij PR én hy wûn hjirmei als alderearste ljepper fan Fierljep Feriening Winsum in Topklasse wedstryd by de senioaren. We binne grutsk op dizze Winsumer ljepper! En by de junioaren gie Wisse Broekstra mei de Eelke Scherjon Memorial priis, de brûnzen snor, nei...
Mear lêze

FIERLJEPCLINICS

Njonken de clinics dy’t wy jouwe oan freonegroepen, frijgesellefeestjes en oare groepen, komme der de kommende wiken ek sa’n 40 groepen mei skoalbern del om yn de kunde te kommen mei ús moaie sport.  De primeur fan 2022 wie foar De Reinbôge út Eksmoarre.