Elke 1e tongersdei fan de moanne ynstroomtraining!
Fierljeppe is cool! Dochst mei? Elke 1e tongersdei fan de moanne meist komme foar in gratis proefles. Foar alle jeugd o/m 12 jier (mei in swimdiploma). We begjinne om 18.30 oere. Bist 12+ en wolst ek graach fierljeppe? Dat kin fansels! Kom dan del op moandei of freedtejûn om 19.00 oer by de 12+ ljepperstraining. Oant sjen! Wolst mear ynfo, stjoer dan even in mailtsje nei fierljeppenwinsumeo@gmail.com.