Klubkampioenskippen en BBQ

Ôfrûne sneon hiene wy ús klubkampioenskippen. Hjirby giet it net om de fierste ôfstan mar om wa’t it tichste by, of fierste oer, syn as har PR komme kin.

De klubkampioenen fan 2022:

Famkes o/m 10: Jente Brouwer
Jonges o/m 10: Freark Smink
Famkes 11-12: Marije Kampen
Jonges 11-12: Age Okkema
Fammen o/m 16: Lisa v.d. Wal
Dames fanôf 16: Rianne Heeringa
Jonges o/m 16: Thijs v.d. Wolf
Heren fanôf 16: Jarich Wijnstra

De Nederlânske en Fryske kampioenen fan dit jier: Wisse Broekstra (FK), Jorrit Bouwstra (FK), Brent Monsma (FK) en Hylke Brouwer (NK) waarden huldige mei in nij kampioensoantinken.

De Ljeppie de Ljip Bokaal 2022 (priis foar immen dy’t wat ekstra’s fertsjinnet) is dit jier foar Marije Visser. Sy hat dit jier in bysûnder soad clinics foar ús feriening lieden en wie faak assistintcoach. Spitichgenôch rekke se blessearre by it ljeppen en stie alles even stil foar har. Alles by elkoar hat sy dizze opstekker dus dik fertsjinne.

Ek wie der in presintsje foar trainers Wim, Jildou, Thijs en de assistinten Jeltske, Berber, Marije en Femke, as bedankje foar harren ynset by de trainingen en wedstriden. Thijs waard troch Nynke Vogel en de jeugdleden noch ferrast mei in prachtige eigen ferzy fan it nije gouden boekje “Sipke leart fierljeppen” mei de titel: “Thijs leart ús fierljeppen”.

Dit jier foar it earst ek in priis foar “de bêste plons”, in initiatyf fan Jarich en Jitse. Troch in ûnôfhinklike jury waard de sprong fan Thijs v.d. Wolf as bêste beoardiele. It 2e plak wie foar Johannes Vogel en Geertje Algra pakte hjir de 3e priis.

As fanâlds waard der ôfslúten mei in super gesellige bbq mei tuskentroch spikerbroek hingjen. Even de krachten showe.