Jeugd NK yn Winsum!
Winsum hie de ear dit jier de Nederlânske kampioenskippen foar de jeugd te organisearjen. It wie eefkes oanpoatsjen sa flak nei it FK, mar dat wie seker de muoite wurdich. Dank oan alle frijwilligers, sûnder harren wie it net slagge! Foar Winsum dienen der 7 jeugdljeppers mei; Brecht waard 7e by de famkes o/m 10 jier, Jurjen waard 6e by de jonges o/m 10 jier en Johannes waard 5e by de jonges o/m 10 jier. By de famkes 11-12 jier waard Hieke 5e en by de jonges 11-12 jier waard Sietze 11e, Jorrit 2e en de kampioen wie hjir Hylke Brouwer fan Arum (en in bytsje fan Winsum;-) mei in ôfstân fan 10,76 meter.