NK FIERLJEPPEN

De Winsumer ljeppers Hilde, Germ, Minne en Wisse stiene op 24 septimber oan de start fan dit jierlikse toernooi, dizze kear yn Burgum. Se namen it  hjir op tsjin de oare toppers fan Fryslân en Hollân. Fan de fiif klassen ha de Friezen der twa wûn. Marrit van der Wal by de froulju en Hanneke Westert by de famkes. Wisse Broerkstra stie wol op it poadium; hy naam by de junioaren it brûns mei nei hús mei in sprong fan 19.92 m.

Foto: //ljeppersklupburgum.nl/