Jeugd NFM
Yn’e hurde wyn waard hjoed it jeugd NFM yn It Heidenskip sprongen. Oan dizze gesellige jierlikse wedstryd, wêr’t ek de fierljepfreonen út Hollân oan meidogge, diene 10 fan ús jeugdljeppers mei. Dit jier mei it tema “Japan”. Mei prachtige selsmakke shirts yn it tema, ytstokjes yn it hier en in ninjabân om de holle giene de Winsumer toppers de striid oan. Hieke Vogel wûn in 3e priis (fammen 11-12 jr.), Hylke Brouwer (jonges o/m 10 jr.) waard 2e en Jorrit Bouwstra (jonges 11-12 jr) waard 1e mei in prachtige sprong fan 11.03 m. Sjoch foar it ferslach en mear foto’s op ús Facebooksite.