Klubkampioenskip Winsum

Wy hawwe hjoed yn Winsum de klubkampioenskippen fersprongen; wa’t it tichtstby of it fierst foarby syn PR springt wint. Sietze, Brent, Brecht, Rianne, Marije, Jelmer en Minne; fan herte lokwinske!!!

Fansels wie der ek in bedankje foar de trainers fan dit seizoen; Rymke, Thijs, Wim en Jildou.

De Ljeppie de Ljip Bokaal, in priis foar de bysûndere ynset / prestaasje fan in lid of frywilliger is dit jier nei Thijs Faassen gien. Thijs hat him dit seizoen bûtengewoan ynset foar de jeugd en dat is net sûnder resultaat bleaun!