Krachtljedder
Nei de Ljeptrep hat trainer Wim Terpstra wer wat nijs betocht; de Krachtljedder. Om ljeppers te helpen om yn it winterskoft sterk te bliuwen of sterker te wurden kinne se thús in trainingsprogramma op in bepaald nivo folgje. Sa no en dan wurdt der sjoen hoe fier elts is en as it nivo helle is kin men troch nei it folgjende. It leukste fan dy krachtljeddertsjek is it sportive útstapke dat derby heart, dit kear wie dat klimme.