De klubkampioenskippen binne wer fersprongen
Brecht, Jurre, Geertsje, Brent, Axel, Femke en Thijs binne de winners fan 2019. Wethâlder De Pee hat net allinnich de bekers oan de winners útrikt mar kaam spesjaal om ús kampioenen Mads Tolsma en Jeltske Terpstra te huldigjen. De Ljeppie de Ljip bokaal foar in frywilliger of ljeppers mei in bysûndere ynset of prestaasje giet dit jier nei Mads Tolsma; yn itselde jier Frysk en Nederlânsk kampioen wurde is wol hiel spesjaal.
En we hawwe gesellich en lekker mei syn allen iten, BBQ fan Ambachtelijke Slagerij Emile Terpstra.