Suksesfolle start fan it Winsumer wedstriidseizoen

It begjin fan in ljepseizoen is súver spannender as it ein rjochting de kampioenskippen. Wannear kinne we bûten traine? Is de akkommodaasje op tiid yn oarder? Hoe giet de earste sprong oer it wetter? Fragen dy’t elts jier werom komme. We hawwe yn Winsum in goede start hân. We koenen yn april fuort bûten traine en it waar wurke goed mei. Dit jier hawwe we de jeugd foar it earst splitst. Dit koe om’t Rymkje en Thijs ree wienen om ek training te jaan. Sy traine de jongste jeugd op freed, Tjitske (freed) en Wim (moandei) traine de wedstriidjeugd en Jildou (moandei) en Wim (freed) traine de de grutteren. Dêr binne we hiel wiis mei!

De ljeppers gienen dit jier allegearre flot oer it wetter. It wie te merken dat se dizze winter goed trochtraind hawwe. En dat hawwe we ek murken by de earste wedstriden yn Winsum: 6 Winsumers yn de prizen, foar in lytse klub as Winsum in topstart fan it seizoen!