It fierljeppen yn Winsum
Stichting ‘Fierljep-akkommodaasje’ Winsum
Ferline jier is der in lyts ploechje jeugd û.l.f. Jimmo Smit en Peter Velthuis begûn mei de ljepperij. Dat soe betsjutte kinne, dat der yn it seizoen 1999 wer Winsumer ljeppers op ‘e wedstriden ferskine. Fansels binne wy der wiis mei as bestjoer en benammen Jimmo fersjinnet in grut kompliment foar syn ynset yn dizze saak.
Der wurdt besocht om yn it foarseisoen in koarte tariedingstraining binnendoar te hâlden. Grutte probleem dêrby is de akkomodaasje. De sportseal fan Winsum is eins altiten beset. As der dit jier yndie in trainingsgroepke is, dan wurdt de akkomodaasje oanpast, tenminsten as der finansiële stipe komt. It bestjoer hopet dan, dat der in “wiete” oefenskâns oanlein wurde kin. Dat soe dan in part fan de herynrljochting wurde. Wy besykje om it probleem op te lossen troch it oanlizzen fan beskoeiings.
De wask- en klaaigelegenheid fan “Oer it Dok/Sint Japik” is net mear echt fan dizze tiid, wy witte dat. Mar op dit stuit wolle de brûkers derfan net al te folle jild ûtjaan oan ferbetterings. Under lieding fan Doarpsbelang Winsum wurdt neigien yn hoefier der in multifunksioneel sintrum boud wurde kin by it sportfjild. Yn dat sintrum soe û.o. plak wêze moatte foar wask- en klaaigelegenheid en in nije kantine. Yn febrewaris komt der útslútsel omtrint de helberens fan de plannen. Mocht it MFS der net komme, dan sille de sportferienings fierder tinke oer in nij klaaigebou. Dit alles besjut yn elk gefal, dat wy dit jier noch fêstsitte oan de âlde sitewaasje.
Wat it FK 1999 oanbelanget: dat begjint, wat jimme ek lêze sille dêromtrint, om 13.30 oere. Op 14 augustus dus net in wike letter, lykas dat bepraat is yn de organisaasje. De mooglike ferskowing fan it FK fan de lêste tiid (twadde sneons yn augustus) wie yn besprek kaam, omdat der fan ljepperskant frege waard om de priisútrikking/neisit oars oan te pakken.
Der doe nei de FK wat te rêden wêze moatte foar de dielnimmers en publyk. Kastlein Baarda fan Winsum, ien fan ús co-sponsors, woe dêr wol yn meiwurkje, mar dan net op de tradysjonele dei. Dan is der om ús hinne fan alles te rêden (Menamer Merke, Hynstespektakel Kûbaert ensfth.) en dat kostet oanrin, benammen fan de lju hjierwei. Us bestjoer hie gjin muoite mei de feroarings, dus kaam de suggestje yn it FLB-sirkwyt telâne.
Dêr is it foarstel besjoen en nei berie oan de kant lein, benammen omdat it foar de ljeppers (tefolle grutte wedstriden achter mekoar) en guon ôfdielings (gefolgen foar de eigen, fêste ljepperijen) gjin ferbettering betsjutte. It is dus net sa – dat is hjir en dêr wol grute en dan muoit ûs – dat Winsum it foarstel dien hat omdat de organisaasje hie neat tsjin op in feroaring, mar fynt de tradysjonele datum ek bêst. It wi alinne mar de bedoeling om winsken en belangen fan in tal belutsen by it FJ yn dizzen op mekoar ôf te stimmen. Dat soks net koe, is net slim wat ús oanbelanget. Wat ús wol steurd, is it feit, dat in pear minsken elke gelegenheid oangripe om it fêste FK-plak yn diskusje te bringen, ek as soks absolút net oan de oarder is.
Wy besikje no de ôfrin fan it FK wat oars op te setten yn gearwurking met de LV en mei Baarda en by meiwitten fan HB en TC. Wat dat opsmyt, sil mei de tiid oan de belangstellenden fernijd wurde.
Sa, dat wie it wol sawat. Dielnimmers en kollegaôfdielings: in goed ljepseizoen 1999 tawinske.
Gerrit Hoekstra
Foarsitter Stifting Fierljepakkomodaasje Winsum
Bron: Op ‘e Skâns – 2000